Sondel
It gedicht Sondelfal fan Jacobus Q. Smink giet oer de weromkear nei it doarp fan ’e jeugd – oer herinnering en feroaring, en oer it besykjen it fergonklike fêst te hâlden yn taal en byld. Yn it Sondel fan Kobus wie der noch in smid, en waard der tipele op it tsjerkeplein. Dat Sondel bestiet no allinnich noch yn it ûnthâld en yn ’e ferbylding fan wa’t sjocht.
Ek ik bin grut wurden yn it gemoedlike en oersichtlike Sondel. As jonge brocht ik foar myn mem de frouljusbûnskaartsjes op ’e fyts nei alle úthoeken fan it doarp. Yn ien rit kaam alles foarby: de leechte fan ’e Sondelerdyk, it kalme wetter fan ’e Sondeler Leyen, it gloaiende lân efter de skoalle, de bunkers op it lân fan de Sminken, en dêrachter de Bremer Wyldernis. No pas sjoch ik hoe bysûnder dat lânskip wie of is, yn myn ûnthâld en ferbylding.
Dizze searje sketst it Sondel fan doe: gjin wier doarp, mar in byld dat ûntstiet dêr’t ûnthâld en ferbylding inoar reitsje, soms troch de kamera, soms troch keunstmjittige ferbylding.