SONDELFAL
Mei it hert op ‘e terp
Kaam ik op Sondel del
Wylst alles noch bestie
En wy der winters by del
Slydsken wie der snie
Wie der snie dan slydsken
Wy der winters by del
En tôgen ús út ‘e miken
Mei de sliden it heech op
En mei it hert op ‘e terp
Op in dei kaam in kraan
Op it iistiidrêchje ta
Dy biet stikken en biten
Fan it ûnbeskreaune ôf
En ik seach it te let
…
Mei it terptearre hert
Kom ik op Sondel del
Moat der op talizze
De mole pakes wynmotor
It Swaaigat it pleistoseen
En ek Zeldenrust Café
De OK fan Homme it tipeljen
Mei koart hout lang hout
Mei Linus fan Hessel en Dine
Dy’t it sa goed kin
Jacobus Q. Smink